Ferkiezingsprogramma Fryslân
De provinsje Fryslân is in midden bestjoer (tusken ryk en gemeenten) dêr 't Friezen harren bot mei ferbûn fiele. It doel fan BBB Fryslân is dan ek dat alle ynwenners fan Fryslân sûn en plezierich wenje kinne, wurkje en rekreëarje.
Wy spoare ynwenners oan om mei te tinken en te wurkjen oan in provinsje dêr 't alle ynwenners harren thús fiele. Wy wurkje gear as partner, mei oare oerheden, bedriuwen en boargers om dy maatskiplike opjeften te realisearjen.
HOOFDSTUK 1: Sûne boaiem, planten en bisten
“ Lânbou, Natuer, Wetters, Stikstof, Bioferskaat ”
In sterke natuer en produktive en duorsume lânbou geane prima tegearre. Bioferskaat en agraryske aktiviteiten begjinne mei in sûne boaiem en soarchfâldich wetterbehear. Boeren, boargers en ûndernimmingen drage in mienskiplike ferantwurdlikheid foar natuer, wetter en bioferskaat.
Sawol yn it stêdsgebiet as yn it bûtengebiet. Se meitsje mei-inoar karren foar duorsum útfierber belied. Yn dat belied steane fersterkjen fan natuer en agro-ekonomy sintraal. Boeren hawwe yn it bûtengebiet in aktive rol om natuerdoelstellings, lânskipsbehear en produksje fan iten te realisearjen. Dêrby spilet de wetterhúshâlding ek in grutte rol yn de kwaliteit fan de bûtenromte. BBB Fryslân fynt it tige wichtich dat de provinsje in goede gearwurking hat mei de wetterskippen om de wetterhúshâlding te ferbetterjen en op in realistyske wize te wurkjen oan ferduorsuming.
HOOFDSTUK 2: Sûne boargers
“ Soarch, Wolwêzen, Lykweardigens ”
Sûnens is ien fan de wichtichste saken yn it libben fan minsken. Yn de fyzje fan BBB Fryslân is sûnens it resultaat fan in gearspul tusken yndividu en omjouwing. Wy binne lykweardich en ynklusyf, elk yndividu is oars mar elkenien heart derby!
Sûnens hat in wichtige relaasje mei dyn plak yn de maatskippij en de mjitte wêryn je mei diele yn wolfeart. De provinsje kin in wichtige bydrage leverje oan in sûne omjouwing dêr 't elkenien yn meidwaan kin. Dat giet it bêste as de provinsje dat docht yn gearspraak mei de omjouwing. Wy leauwe yn in yntegrale omjouwingsrjochte oanpak dy 't ynspilet op wat der libbet by ynwenners. In oanpak tegearre mei (maatskiplike) organisaasjes, gemeenten en de ynwenners sels. Net elke wyk, streek of doarp kin sels ynfolling jaan oan winsken en ek hawwe ynstellings de fasiliteiten dy 't nedich binne foar sûne boargers net altyd beskikber. Dêrom is de needsaak dat de provinsje koördinearret en fasilitearret om dit mooglik te meitsjen wat regionaal / lokaal net helber is. Fansels jildt dat ek op it mêd fan previnsje.
HOOFDSTUK 3: Sûne maatskippij
“ Omjouwing, Lânskip, Enerzjytransysje, Wynmûnen / sinneparken ”
Ferduorsuming begjint mei it ferminderjen fan it gebrûk fan enerzjy. Dat kinne boargers en bedriuwen mei-inoar foarm jaan.
Der is enerzjywinst te heljen as de provinsje dat mei belied fasilitearret en stimulearret. De needsaak om oare enerzjyboarnen oan te boarjen is evidint en wat BBB Fryslân oanbelanget hawwe boargers en bedriuwen mei-inoar de krityske massa en de romte om enerzjy op te wekken dêr 't dy ek brûkt wurdt. Sinne-enerzjy opwekke binnen de besteande beboude romte, lykas op dakken, is net allinnich miljeu-effisjint mar ek romte en ynfrastruktuer effisjint. Sa wurdt enerzjy in demokratysk goed en in mienskiplike ferantwurdlikheid. Wy sjogge in needsaak foar boargerpartisipaasje yn enerzjyfoarsjenning. Allinnich op dy wize ûntstiet der draachflak. BBB Fryslân sjocht dêrby ek nei oare enerzjy-alternativen.
HOOFDSTUK 4: Sûne maatskippij
“ Leefberens, Boargerpartisipaasje, Transparânsje, Privacy, Digitaal ”
De tanimmende polarisaasje tusken befolkingsgroepen en de tanommen winsk fan boargers om heard te wurden binne tema’s dy ’t sintraal steane yn polityk, bestjoer en beslútfoarming yn de takomst. Der binne meardere ‘ kloven te dichtsjen ’!
Foar BBB Fryslân stiet boargerpartisipaasje sintraal yn takomstich belied. Gjin nije struktueren, mar it better ynsetten fan besteande maatskiplike struktueren is it devys. Partisipaasje docht it allinnich by transparânsje oer dy partisipaasje en oer beslútfoarming en hjir leit in wichtige rol foar it provinsjaal bestjoer. De wrâld wurdt hieltyd mear digitaal, dat sjogge we ek as in kâns sa lang we elkenien dêr mar yn meikrije kinne en minsken dy 't dat net byhâlde, te stypjen. Digitalisearring biedt it provinsjaal bestjoer middels om te ferbinen en sa tichter by har boargers en bedriuwen te stean. Njonken dat it in kâns is, moat der wol ôfwoegen wurde wannear 't it effektyf is om digitaal kontakt yn te setten by it kommunisearjen mei boargers. Der binne situaasjes te betinken wêrby 't in fysike gearkomste effektiver wêze kinne soe, as in online meeting. Soks fersterket lykweardigens, ferbining en it werombringen fan fertrouwen.
HOOFDSTUK 5: Sûne maatskippij
“ Erfgoed, Kultuer, Tradysjes, Taal, Sport ”
De kultuerhistoaryske skiednis fan Fryslân en har prachtige eigen Fryske taal is grut. Dêrom hechtet BBB Fryslân in soad wearde oan it yn stân hâlden en stypjen fan in fariearre en breed oanbod op it mêd fan erfgoed, kultuer, tradysje en sport.
Dat binne ferbinende eleminten yn ús maatskippij en BBB Fryslân fynt dat boargers útnûge wurde meie om ek sels inisjativen te ûntploaien dy 't dêroan bydrage. Yn in hastige maatskippij drage rekreaasje en bûtensporten by oan ferbining en wolwêzen fan boargers. De provinsje Fryslân is by útstek in provinsje dy 't him dêrfoar lient.
HOOFDSTUK 6: Sûn wenje
“ Wenjen, Ynrjochting, Bestimmingsplannen ”
Elke boarger in thús! Dat is de lêste jierren net mear fanselssprekkend. Yn de provinsje Fryslân moat mear wenromte kreëarre wurde kinne.
BBB Fryslân sjocht kânsen sawol binnen besteande kontoeren as dêrbûten, as ynpasber út de omjouwingskwaliteit wei. Wy kreëarje kânsen troch mear romte te jaan oan werbestemmen fan wenfoarmen, wêrtroch 't de trochstream tusken generaasjes makliker ferrint. De provinsje is by útstek by steat om te stjoeren op aspekten as tawizings en selsbewenning. Op dizze wize ûntstiet in earlik spylfjild yn de provinsje, yn de stêd en op it plattelân. Dêrneist is der in bou-opjefte, dy 't wy foarmjouwe benammen yn de stêden en doarpen dêr 't dat nedich is, passend yn de omjouwingskwaliteit, yn it bûtengebiet. Beliedsmjittich fersimpelje en ferhastigje kin hjir ek kânsen biede. Wy steane foar in wenbelied rjochte op duorsumens en mei respekt foar ynspraak, romtlike en natuerkwaliteit.
HOOFDSTUK 7: Sûne ekonomy
“ OV, Berikberheid, Ynfrastruktuer ”
Hast elkenien is alle dagen ûnderweis. Nei wurk, famylje en freonen. BBB Fryslân fynt it wichtich dat elkenien goede tagong hat ta ferfier en him frij bewege kin yn ús provinsje.
In goede ynfrastruktuer ferbynt en bringt de ekonomy yn beweging! Fersterking fan iepenbier ferfier yn stêd en streek is it devys. Beskikberens, komfort en betelberens binne de oanjagers foar ferduorsuming fan mobiliteit yn 'e breedste sin. Troch de goede oanmoediging kin de provinsje ferduorsuming fan mobiliteit fasilitearje. Der is hieltyd mear digitalisearring yn de ekonomy en de maatskippij en de digitale sneldyk is in wichtich part fan de mobiliteit fan de takomst.
HOOFDSTUK 8: Sûne ekonomy
" Lokaal, MKB, Bedriuwichheid, Rekreaasje “
BBB Fryslân fynt in sûne ekonomy fan grut belang foar de leefberens yn de provinsje. Om dy leefberens op it plattelân te behâlden moat de provinsje de lokale ekonomy krêftich stypje.
De provinsje heart aktyf te wêzen yn it kreëarjen fan wurkgelegenheid, it skeppen fan in goede ynfrastruktuer, en it befoarderjen fan ûntwikkeling en groei fan bedriuwen. BBB Fryslân stiet foar in deeglik finansjeel belied, basearre op doelmjittigens wêrby 't de lêsten earlik ferdield binne tusken boargers en bedriuwen. Ynvestearje dogge wy nea allinnich, mar altyd tegearre. Hjirmei fergruttest de ympakt en it resultaat fan ynvestearringen. Wy fersterkje de rekreative mooglikheden, foar ynwenners fan de provinsje Fryslân en omkriten en tagelyk boargje wy de omjouwing en leefkwaliteit.